René Oterdoom (@Friespunt) header
René Oterdoom (@Friespunt) profile picture

Ivich studint kultuerskiednis - griemt wat om mei motors, musyk en moaie letterkes - frijetiidsamateurkluzener - twyt #Frysk! #wapenwoansdei #Hjoed #OFSS2023

Fryslân
Joined January 2021
Photo by René Oterdoom (@Friespunt)Photo by René Oterdoom (@Friespunt)Photo by René Oterdoom (@Friespunt)Photo by René Oterdoom (@Friespunt)Photo by René Oterdoom (@Friespunt)Photo by René Oterdoom (@Friespunt)Photo by René Oterdoom (@Friespunt)Photo by René Oterdoom (@Friespunt)Photo by René Oterdoom (@Friespunt)Photo by René Oterdoom (@Friespunt)
Het partijgekibbel lost de problemen in #Nederland ook niet op. Tijd om de #particratie vaarwel te zeggen. Het werkt niet en heeft helemaal niets met #democratie te maken. #kabinetscrisis
1
67
Yn 1951 mochten jo gjin molke en sûpe ferkeapje. Jo mochten ek gjin Frysk prate tsjin de rjochter. Hoe koe dit sa wêze en wêrtroch is dit feroare? Hjoed wolle wy stilstean by 75 jier Kneppelfreed. #frysk #friesland
6
115
#Hjoed 75 jier lyn wie de Slach op it Saailân yn #Ljouwert, dêr't de plysje hurd optrede tsjin demonstranten foar redakteur Fedde Schurer en Steatelid Tjebbe de Jong, dy't foarkamen foar mislediging fan de magistratuer, foar dy har arrogante hâlding tsjin it #Frysk. #Kneppelfreed
1
13
316
X moaier meitsje ❤️ It Steedhâlderlik Hôf - Ljouwert #stinzensnein #FryskX
6
95
#Hjoed yn 1845 ferstoar boer en ynstrumintmakker Sieds Johannes Rienks fan #Marrum. Hy learde himsels metaaldraaien en fan de bruorren Roelofs yn Hijum linzen slypje en polyste. Hy slipe brilleglêzen en linzen foar mikroskopen en boude in pear ferneamde teleskopen. #FryskX
7
141
#Hjoed yn 1903 ferstoar Heerke Wenning fan #Dokkum yn #Frjentsjer. Hy wie heraldikus en konsjerzje oan de ryks-HBS yn #Ljouwert. Hy advisearre yn 1892 oer de wapens yn de nije Steateseal en tekene yn 1897 de Fryske flagge, sa't dy hjoed-de-dei brûkt wurdt. #FryskX
1
1
19
403
#Hjoed yn 1540 ferstoar Janko fan Unema fan #Blije, in Fetkeaperske frijheidsstrider. Hy stried mei Gerbrand fan Mockema en Janko Douwama tsjin de Boergonjers en Saksen. Op 't lêst hat er hartoch Albrecht fan Saksen dochs as hear erkenne moatten. #FryskX
7
129
#Hjoed yn 1918 rop SDAP-foaroanman Piter Jelles Troelstra, ynspirearre troch de omwintelingen yn Dútslân en Ruslân, op ta revolúsje. Hy feroarsake panyk, mar krige gjin byfal. It 'Fersin fan Troelstra' late foar de SDAP ta langduorjend wantrouwen by oare partijen. #FryskX
1
4
141
#Hjoed yn 2004 waard it Friisk Gesäts oannommen troch de Lândei fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Dit is in wet dy't û.o. de rjochten fan de Fryske minderheid yn Noardfryslân en op Hilgelân beskermje moat, mar dêr't ek it brûken fan it #Frysk yn fêstlein is. #FryskX
1
13
258
#Hjoed yn 1605 ferstoar Doeke fan Martena (75) yn #Ljouwert, deputearre, lid Steaten-Generaal foar #Fryslân, 1ste admiraal fan Fryslân en fan de wettergeuzen op de Sudersee en kommandant fan Hasselt. Hy wie de lêste manlike ôfstammeling fan de Martena's fan #Koarnjum. #FryskX
2
1
9
258
#Hjoed yn 1952 ferstoar arsjitekt Arjen Harmens Witteveen yn #Ljouwert. Hy wie in foarman fan it Roomsk Frysk Boun en boude û.o. it Karmelkleaster yn #Drachten, tsjerken yn #Huzum, #Sleat en Ljouwert, mar ûntwurp ek it monumint foar de Slach by Warns op it Reaklif. #FryskX
1
10
174
#Hjoed yn 1629 ferstoar Sixtinus Amama yn #Frjentsjer. Hy wie heechlearaar Easterske talen oan @UniFraneker en in grut kenner fan it Hebriuwsk; hy sette him yn foar in goede oersetting fan de bibel yn it Nederlânsk. Hy waard lykwols net belutsen by de Steatefertaling. #FryskX
1
1
8
234
X moaier meitsje ❤️ Stania-state - Oentsjerk #stinzensnein #FryskX
8
129
Dat wordt nog interessant als een telgje Martena van Burmania Vegilin van Claerbergen een telgje Thomassen á Thuessink van der Hoop van Slochteren tegenkomt 🤓
Het kabinet wil de regels voor de achternaam van pasgeboren kinderen veranderen in een sekseneutrale regeling, waarbij het kind de achternaam van beide ouders krijgt in alfabetische volgorde. Het wetsvoorstel dat dit mogelijk maakt, gaat in consultatie ⤵️ rijksoverheid.nl/actueel/nie…
1
1
107
#Hjoed yn 1694 ferstoar Ulricus Huber fan #Dokkum yn #Frjentsjer, dêr't er professor wie oan @UniFraneker en letter rjochter by it Hôf fan #Fryslân. Hy wurdt sjoen as de grutste jurist fan Fryslân fan alle tiden. #FryskX
1
1
12
170
Vriendelijke herinnering dat de laatste overstromingen van betekenis in de afgelopen decennia van binnenuit en de hoogstgelegen delen van ons land plaatsvonden. #klimaatbankje
1
2
76
#Hjoed yn 789 ferstoar de misjonaris Willehad. Krekt as Willibrord kaam er út Northumbria. Hy wie misjonaris ûnder de Friezen en de Saksen en wurke fanút #Dokkum. Hy waard de earste biskop fan Bremen; syn skryn waard ûnder de Reformaasje ferwoaste. #FryskX
1
10
255
Ik moest hier harder dan sociaal aanvaardbaar om lachen
61